woensdag 17 december 2008

At ik nei myn blomkoal yn'e koelkâst sjuch

'Wolst noch ierappels Paulus?'
ja.. nee.. ja? nee? ja!
'It giet oan!' sei ús mêm doe

Wy ieten ierappels, liik as hast êlse snein. Ierappels mei griente, mei blomkoal dit kear en in sauske.. sa'n roamsaus mei noatmuskaat.

En oh.. wat wie ik bliid en wat woe ik graach dat sy liik hie! It soe oangean. It soe noch kinne. Do soedest fan my hâlde, doe woedest my noch, it hie net wier út wêst.. it wie net te let, do doldest fan my en ik hold fan dy..! Wy tegearre.. it koe noch! Ik hie it (noch) net ferprutst.. ik kriig noch in kâns!

Doe wiedest yniene wêr fol yn beeld.. in bietsje te fol! Ik hie it útmakke, net omdat ik fan dy ôfwoe, mar om0t it my allegear te folle hie wêst.. Ik woe by dy wêze en dan hie ik tiid nedich om by te kommen. Ik woe dy oanreitsje en dan hie ik ôfstân nedich om tot mysêls te kommen.. Ik woe by dy wêze, mar ik koe net yn dy opgean, ik koe net allinich mar yn dy libje. Ik haw tiid nedich, it is net foar neat dat ik twa kear salang oer in stuudsje doch, it is net foar neat dat ik júns 21oere yn bêd lei, it is net foar neat dat ik hiele ferhalen yn mun deiboek skrieuw, it is is net foar neat dat ik yn in wike trije deien gewoan neat útfoer.. ik haw tiid nedich en rêst. Ik haw moeite om tot mysêls te kommen. It doarret allegear wat langer by my en do wiedest sa hurd gien dat ik hielendal ûndersnijt wie.. hielendal ferplettert. Ik koe dit net! Ik koe it net en ik hie it lang besocht, mar úteindeliik wie ik fourt draaft. Ik wie op. Ik wie stikken. Ik makke it út..

Doe´t bliikte dasto my noch leuk fûndest, wiilst ik hieltiid sa dramatiesk wie wêst, hieltiid ûndûdliik fourtdraaft, wêromkaam.. wiilsto nea hiedest witten wats mei my oan hiedest moatten.. WAUW! Do wiedest sa leaf.. sa geweldich.. ik woe dy net kwiit!

Dochs.. do skillest my, do stjoerdest mailtjes, do wiedest fol yn beeld en.. AAHH ik bin fourtdraaft.. de chaos yn myn holle wie te grut, ik koe it net ferweurdstje, ik hie tiid nedich, rêst, mar ik doarde dy dat net te sizzen. Ik bruts it op'e nij ôf. It wie tefolle, te heftich.. ik koe it net oan.

..

It is oer.

Ik kin it net oanmeitsje.

Do wolst my net.

It is oer.

Ik kin dêr neat oan dwaan.

Do sykest wol in oar.

It is oer.

Ik kin it net wêrom draaie..

Do kinst lokkich wurde.
Wurd lokkich.
Wurd alsjeblieft lokkich.. want ik gun dy gjin ûngelok
mei as sûnder my..

Geen opmerkingen: